MEEUW JONGE THEATERMAKERS

Meeuw Jonge Theatermakers is it jong Oranje op teatergebiet dêr’t jonge akteurs tusken de 12 en 18 jier lessen folgje en teaterfoarstellings meitsje. Dêrneist krije oankommend regisseurs, skriuwers en akteurs de romte om de earste stappen te setten yn harren profesjonele karriêre. En foar bern binne der lessen om yn ‘e kunde te kommen mei teater.

 

De Jeugdteaterskoalle

De leukste en bêste jeugdteaterskoalle fan Fryslân bestiet al mear as 25 jier en stiet yn Ljouwert. Learst dêr om teater te meitsjen troch lessen te folgjen en yn foarstellings te spyljen.
Kinst by ús begjinne ast 12 jier of âlder bist. De lessen en repetysjes binne op sneon en soms yn de fakânsje en wurde jûn troch profesjonele fakdosinten. Plezier yn teater stiet foarop en der wurdt keihurd wurke.


De lessen

Op de Jeugdtheaterschool learst om te aktearjen. Der is alle romte om dy te ûntwikkeljen. Krijst lessen en workshops yn aktearjen, stim, sang, dûns en beweging. Krijst fysike trening en wurkest mei teksten en muzyk. Learst om dyn ferbylding en fantasij te brûken. Untwikkelst lef en selsbetrouwen. Spilest allinnich en mei oaren. Learst sênes te betinken en te meitsjen.
Dat kinne we fansels net allegear yn ien seizoen propje. Wy binne in skoalle dêrst foar langere tiid teplak kinst. Begjinst yn de basisklasse en fan dêrút kinst fierder nei ferfolchklassen. Skriuwst dy yn prinsipe yn foar trije seizoenen. Mar soms bliuwe akteurs koarter of langer. De lessen wurde op sneon jûn yn de trije teater-studio’s yn ús gebou oan de Oostersingel yn Ljouwert. 

 

Foarstellings meitsje  

Alles watst learst yn de lessen bringst yn de praktyk troch te spyljen yn foarstellings. We meitsje in soad ferskillende produksjes: soms op basis fan besteande teksten, soms sels betocht. Soms mei twa akteurs en soms mei 20. Grappige foarstellings, spannend of oandwaanlik. Of alles tagelyk. We spylje ús produksjes yn teaters, mar ek op lokaasje, op ’e dyk of op festivals; yn- en bûten Fryslân.

 

Fan teater dyn fak meitsje

Der binne alle jierren jongeren fan de Jeugdtheaterschool dy’t nei opliedings foar it keunstfakûnderwiis wolle, bygelyks nei de toanielskoalle. Wy coache ús akteurs by it dwaan fan audysje foar ferfolchopliedings.

Priis: € 365,00 per seizoen. Ynklusyf 20 lessen, wurkwinkels, iepen poadia, fergees kofje en tee.

Meeuw Jonge Theatermakers wurdt finansjeel stipe troch: Provinsje Fryslân, gemeente Leeuwarden
 

minimaregelingen
It kin wêze dat dyn âlders foar in bydrage yn it lesjild yn oanmerking komme foar de minimaregeling fan de gemeente Leeuwarden. Mear ynformaasje en oanfraachformulieren fynst op www.leeuwarden.nl/minima.

 

10xteaterles

Bist noch gjin tolve en/of wolst leaver koartere kursussen folgje? Dan kinst dy ynskriuwe foar 10 x teaterles. Fan 8 jier ôf kinst al by ús teplak. Twa kear yn it seizoen begjinne wy in koarte kursus fan tsien lessen: yn septimber en yn jannewaris. Krijst tsien lessen teater, ferpakt yn it meitsjen fan in koarte foarstelling dytst yn de lêste les sjen litst oan publyk. De lessen binne op freedtejûn op de Jeugdteaterskoalle. Wy ha lessen foar bern (8 – 12 jier) en foar jongerein (13 – 15 jier).